|
Article in other languages:
|
Saûdy-Araabje is in lân yn it Midden-Easten. De haadstêd is Riyad en de kening fan de monargy is sûnt 2005 Abdoellah bin Abdoel Aziz al-Saoed.
GeografyLizzingSaûdy-Araabje wurdt begrinzge troch:
LânskipIt keninkryk omklamme goed 80 persint fan it Arabyske skiereilân en is 149.690 km² grut. De totale lingte fan de lânsgrinzen binne 4415 km, dêr't 814 km fan mei Irak, 728 km mei Jordaanje, 676 km mt Oman, 222 km mei Koeweit, 60 km mei Katar, 475 km mei FAE en 1458 km mei Jemen. Fierders bedraacht de kuststripe 2640 km (mei de Reade See en de Perzyske Golf. It heechste punt fan it lân is de Jabal Sawda pyk mei 3133 meter hichte. De geografy fan Saûdy Araabje is fariearre. Fan út it westlik kustgebiet (Tihamah) rikt it lân fan seenivo nei berchhichte yn (Jabal al-Hejaz) it sintrum fan it skiereilân, dêr't it plato fan Nejd leit. Yn it súdwestlik 'Asir-gebiet lizze bergen boppe de 3,000 meter hichte en is bekend as it grienste en koelste klimaat fan it lân. It easten is foar it meastepart rodseftich mei santerige leechflakten oan de kuststripe mei de Perzyske Golf. De fijannige Rub' al Khali ("Lege Hoek") woastyn lâns Saûdy Araabje net krekt ôfbeakene súdlike grinzen befetsje sawat gjin libben. KlimaatEkstreme hjitte en droechte is karakteristyk foar it meastepart fan Saûdy-Araabje. It is ien fan de pear lannen dêr't simmers temperatueren boppe de 50 °C berikt wurde kin. Yn de winter, friest en snijt it allinnich yn de hegere berchgebieten. Trochstrings is de temperatuer yn de winter 8° oant 20 °C. Jierliks falt der amperoan rein, de delslach is net heger as 100 mm per jier en dat sifer jildt foar de measte gebieten. SkiednisDe skiednis fan Saûdy-Araabje begûn om-ende-by 1750 doe't yn it sintrum fan it lân Mohammed bin Saoed, in lokale hearsker, in alliânsje foarme mei in puriteinske herfoarmer fan de islam, Mohammed ibn Abd al-Wahhaab. Tegearre smeie sy in politike ienheid, dêr't de macht en wolfeart fan de Saûdyske famyljeen de Wahhabieten troch taneamd, doe't sy striden mei Egypte, it Ottomaanske Ryk en oare Arabyske famyljes (lykas de Hasjemieten en de Rasjidi's) om kontrole te krije oer it skiereilân. De modêrne Saûdyske steat waard stifte troch Kening Abdoel Aziz al Saoed. Yn 1902 oermastere Abdoel Aziz al Saoed Riyad, eartiids haadstêd fan al Saoed-dynasty, op de rivalisearre al-Rasjid-stam. Hy oermastere ek Al-Hasa, de rest fan de Nadjd en de Hidjaz tusken 1913 en 1926. yn 1932 waarden dizze eardere losse gebieten troch al Saoed feriene yn it Keninkryk fan Saûdy-Araabje, dêr't Abdoel Aziz al Saoed de earste kening by waard. De ûntdekking fan oalje op 3 maart 1938 feroare de ekonomy fan it lân yngripend. De rykdom fan de oalje kaam benammen oan de kening ta en syn famyljeleden. DemografySûnt it begjin fan de 20e ieu is de befolking mei in faktor fyftjin tanommen. Questions for article: |
|||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.
IHS Europe: Infrared Heating Systems for Home and Business.